Artikelomschrijving
Fryslân yn de 8ste iuw: Ubba, soan fan Raeddeg en Gerlind, hat syn thús op Grut Bjinthiem, it tsjinwurdige Hegebeintum. Yn syn jonge jierren is er in dwerse kneppel, in neatnut, ta fertriet fan syn heit en ta freugde fan syn mem. It is Gerlind dy’t wit dat har soan ta grutte dieden foarbestimd is. Ommers: it is Wêda dy’t derfoar soarge dat se him krigen hat, de heechste fan de goaden dy’t Ubba by syn berte opeaske. Nei’t Ubba op syn tolfde in man deaslacht, rekket syn libben yn in str