Artikelomschrijving
De ferhalen yn dizze debútbondel bringe ús nei in wiet Inverness, nei de kant fan ien fan ’e Fryske marren, yn in nearzige keuken mei yn it midden in deakiste, op in drokke famyljereüny mei allegear bliere minsken, yn it stadion fan sc Heerenveen of op in sinnich Sint Maarten. Mar wêr’t wy ek tahâlde, noait witte wy oft wy op it juste stuit op it juste plak binne. Wurdt de wrâld oanstjoerd troch it tafal, hegere machten, foarbeskikking? Of komt it allegear del op ús eigen lamliddigens