Artikelomschrijving
In wynpark yn ’e achtertún, samar ferskynt hjiroer in artikel yn ’e krante. De ynwenners fan Fierum, in middelgrut plak yn ’e buert fan Einum, steane op ’e achterste poaten. Trije boeren hawwe har lân al beskikber steld en sille meidiele yn de opbringst. Mar by de oare Fierumers, dy’t har oerfallen fiele, krije se de hannen net opelkoar. Al gau komme de hierskuorkes sa’t dy troch elke mienskip rinne, oan it ljocht. Uteinlik komme de bewenners foarelkoar oer te stean, mei gefolgen dy’