Artikelomschrijving
De lêste libbensdagen falle Mûnte Vanger swier. Soms hat er in dei dan kin er it net litte en wrakselje de dykstreppen op om nei de boat te sjen, mar ek om rotsjend slyk en brakke lucht fan see te rûken. Inkeld weaget er him by heech wetter oer de bûtenfalling nei it basalt. Sechtich, santich meter út ’e kust leit de boat dêr’t er hast sechtich jier syn brea mei fertsjinne hat. De reis omheech, it falt him alle kearen swierder. Mar opjaan wol er net fan witte. Sûnt er net mear op it Wa